Weidreame yn eartiids: âld Gordykster Rink van der Velde
april 15, 2016 in historie, nieuws door Redactie
Door Anne Veenstra, Rolde
Sa no en dan gryp ik ien fan de tsientallen Fryske boeken dy’t by ús op de boekeplanke steane om wer efkes in nostalgyske fytstocht yn oantinken te hâlden en efkes wei te dreamen yn eartiids. It is it boek “Foroaring fan lucht” fan Rink van der Velde. Rink hat by ús op De Gordyk wenne, mar ik tink dat syn optrekje op De Feanhoop ferneamder is!
De boppeneamde fytstocht gie fan Koartsweagen hielendal by de feart lâns nei De Gordyk en Terwispel. By it bûterfabryk by de Spâltenbrêge gie it rjochtsôf op de Bûtewei ta, oant wy by de Ald Hearrewei kamen. Dêr giene wy it sânpaad op dat yn de rjochting fan De Sweach gie. Healwei , oan ‘e ein fan ‘e Liphústerheide, stie oan it Alddjip in wytbepleistere wenning. Dat is it hûs dat Rink van der Velde foar eagen hat as wenromte foar de húshâlding fan Durk Snoad, de haadpersoan yn “Foroaring fan lucht”.
Jan Planting hat it hûs op it omslach tekene. Ik ha it boek in pear kear lêzen en hieltyd bin ik dan yn gedachten yn de omkriten fan it Alddjip. As ik “Pake Sytse” lês, dan skarrelje ik by De Tynje om. Noflik fyn ik dat! Yn Jan Hut werken ik de ferhalen, dy’t buorman Wibe de Wit fertelde oer de “Kompenijsters”, dy’t noch yn hoalen en klinten wennen en libben fan nachtbiddeljen, stellen, streupen en alles wat oars noch ferbean wie. Achter op it omslach fan “Pake Sytse” skriuwt Rink: “Sa’n ôfwaaid ferhaal as “Feroaring fan lucht” of sa’n flutterich boekje as “Stjerrende wier, heite” dat kin fansels net wer.”
Syn novelle “De fûke” is troch Steven de Jong ferfilme, mei yn de haadrol Rinse Westra. De ûntbleating op De Gordyk yn 1956 fan it monumint ta neitins fan de Joaden wie de oanlieding ta de útwikseling, dy’t wy mei it earste alvetal fan “v.v.Gorredijk” en fiif oare Opsterlanners hiene mei de Israelyske fuotbalklup “Hapoel Ra’anana”. Wy hiene in ûnferwacht grut oantal supporters út ûnferwachte hoeke, doe’t wy maaitiid 1963 nei Israel fleagen.
Ien fan de supporters wie Rink van der Velde, doe ferslachjouwer fan de “Friese Koerier”. Hy hold de thúsbliuwers op in treflike wize op ‘e hichte fan ús ûnderfiningen. Trije wike wie dizze ferneamden-ien yn ús fermidden, al wisten we doe noch net dat er sa ferneamd wurde soe!
Rink van der Velde is berne yn Ealsum op 18 juny 1932 en ferstoarn yn Drachten op 17 febrewaris 2001. Hy is te hôf brocht yn Wetsens.