Fyftichste Tomke-foarstelling yn bibleteek Gordyk

juni 2, 2014 in nieuws door Redactie

tomkeDe Gordyk | Yn de bibleteek fan De Gordyk wurdt woansdei 4 juny de fyftichste Tomke-foarstelling holden. De foarstelling ‘De Hutselfrutsel’ begjint om 10:00 oere en is foar pjutten fan 2 oant en mei 4 jier.

‘De Hutselfrutsel’ wurdt spile troch Tomke-skriuwster Riemke Pitstra tegearre mei Jetske Miedema. De moarn yn ‘e bibleteek is ûnderdiel fan de Fryske Foarlêswike. Doel fan de foarlêswike is foarlêze oan pjutten om sa de Fryske taal aktyf te brûken. Doel is ek it lêzen en foarlêzen yn de Fryske taal te stimulearjen.

Yn de foarlêswike binne de bekende Tomke-boekjes wer de krijen yn ‘e bibleteken. Bern dy’t nei de foarstelling komme, krije in gratis boekje mei nei hûs. En se meie woansdei ek noch op de foto mei Tomke sels.

Oanmelde foar dizze moarn kin per mail t.devries@bzof.nl, yn de bibleteek of per tillefoan 0513-461548.