Ut de âlde tiid: In fytstocht nei Brussel en de Ardennen
februari 18, 2016 in historie, nieuws door Redactie
Door Anne Veenstra
Op moandei 11 augustus 1958 reizgje de Kweekskoallestudinten Ekke Foppes, Anne Veenstra (beide Koartsweagen),Toon Wever (Ge Himrik) en Dirk van der Zee (De Gordyk) op ‘e tiid ôf foar in fytstocht nei de EXPO, de wrâldtentoanstelling yn Brussel. In hiele ûndernimming, want net ien fan ús fjouweren hat ea yn it bûtenlân west!
Us fytsen binne swier ôfladen. Neist de âlderwenste dingen as skjin ûnderguod, ekstra klean en toiletspul moatte ek in fjouwerpersoanstinte, in twapits butagasstel, pot- en panneguod en itersboarden mei. Foar de earste nacht wurdt de tinte oereinset yn it Gelderske Oosterbeek. Wy tinke in smûk plakje fûn te hawwen tusken twa hichten. Dat de kar net sa’n súkses is docht nachts bliken. Der komt dan nochal wat wetter út ‘e loft en fan de hichten ôf en it liket bytiden dat wy op de luchtbêden driuwe. Lokkich ha ik fan myn broer net allinne syn soldateplunjesek meikrige, mar ek it legerskepke. Tenei grave wy altyd in ôfwetteringsgoate om ‘e tinte!
De tsjalprein hat der wol foar soarge dat ús tiidskema net mear kloppet, om’t wy de oare deis wachtsje moatte oant de boel droech is. Jûns om healwei achten klopje wy by in boer yn it Brabânske Helvoirt oan en lokkich meie wy yn in leech én skjin bargehok sliepe.
De oare moarns komme wy der achter dat wy gjin bôle ha, mar de boer bringt útkomst. Wy krije rauwe molke, sa fan ‘e ko! Hy hat ús al om seis oere wekker makke, want wy wolle hjoed noch de camping yn Vilvoorde helje. Wy reizgje om healwei achten ôf en binne 12 oeren letter yn Vilvoorde. Tongersdeitemoarns rinne wy de 3,5 kilometer nei de tentoanstelling. Prachtich moai én wat in minsken en nasjonaliteiten! We besjogge de paviljoens fan Amearika en Ruslân en fansels dy fan Nederlân. It tige moderne paviljoen fan Philips makket ek in soad yndruk, lykas it Atomium!
De oare deis hawwe wy de EXPO ek by jûn besjoen en no soargje de kleurige fonteinen foar in feeëryk gehiel. As wy wer nei de tinte wolle begjint it te reinen en wy skûlje yn in smoute kroech. It wurdt let en dêrom sliepe wy de oare moarns mar ris út. Middeis fytse wy lâns it Keninklik paleis nei it sintrum fan Brussel om te genietsjen fan de moaie gebouwen, Manneke Pis en de binnenkant fan in grutte katedraal.
Sneins pakke wy alles wer yn en it giet no op Godinne oan, dat tusken Namen en Dinant leit. It begjint in bergich gebiet te wurden, mar it fytsen giet ús noch goed ôf. Nei de nachtrêst wurdt it tusken Dinant en Han wol oars, yn alle gefallen hiel oars as tusken De Gordyk en Langsweagen! Sa no en dan moatte wy mei ús fytsen, mei mar trije fersnellings, oan ‘e hân rinne! Boppe krije wy as beleanning moaie útsichten foarsetten en wy fleane mei in rotgong de delte yn.
Yn Han komme wy ta ússels en dêrnei hawwe wy allinne noch mar te krijen mei de útrinners fan de Ardennen. Op 11 kilometer foar Luik fine wy in camping en wy hawwe mei ús stienkoal Frânsk in protte wille yn in Frânsktalige winkel.
Fan Luik nei Maastricht is it mar 40 kilometer. Dat is ek mar goed, want it is striemin waar. Wy meie ús tinte oerein sette yn in bleek en jûns sykje wy ferdivedaasje yn de Bourgondyske stêd. As wy fan Maastricht nei Valkenburg fytse, dan komme wy oer de Cauberg en wy binne ferbjustere dat wy net iens de berch ôffytse meie (“Wielrijders afstappen!”)! Wy meitsje mei in gids in tocht troch de grotten fan Valkenburg en jûns nimme wy kennis fan de drok besette spylhoalen.
De rûte Valkenburg–Venlo begjint al wat op thús te lykjen en nei in reinige dei pikke wy jûns in bioskoopke. Dêrtroch komme wy wol nei slutingstiid op de camping. Nei Venlo–Nijmegen beslute wy werris om ús tinte op in bleek oerein te setten. Dat jout nachts wat opskuor, want der slûpt wat om ús tinte. Dêrom hâldt elk fan ús in oere de wacht en dat fyn ik wol slim spannend!
Snein 24 augustus fytse wy mei moai waar yn ‘e rjochting fan Apeldoarn , kampearje wy yn Soeren en meitsje jûns noch in rûntsje Apeldoarn. Troch it minne waar reizgje wy op moandei pas om healwei trijen ôf en sliepe jûns yn in grutte legertinte yn Hattem. Foar ’t earst wer op in bêd.
Op ‘e lêste dei fan ús moaie trektocht ûntrinne wy de buien, mar krije by Meppel wol trije lekke bannen! Yn Koartsweagen/De Gordyk is oan de bôgen yn it eftertsjil fan Toon te sjen dat ús stielen hoarsen it net maklik hân hawwe, mar wý, pedaalridders, tinke allinne mar oan in ûnferjtlike fakânsje!
P.S. Yn myn bûsboekje fan 1958, dat ik foar 75 sinten kocht hie, steane de oantekenings en dy ha ik pas útwurke op 21 jannewaris 2016.