In stikje histoarje: Kneppelfreed en Fedde Schurer
april 2, 2016 in historie, nieuws door Redactie
Door Anne Veenstra, Rolde

It gerjochtsgebou op it Saailân.
Op freed 16 novimber 1951 stiene de twa Fryske sjoernalisten Fedde Schurer en Tsjebbe de Jong foar de Ljouwerter polysjerjochter om’t sy Wolthers, de kantonrjochter fan It Hearrenfean misledige hiene. Der wie dy deis nochal wat folk op de saak ôfkommen en de polysje dreau mei wapenstok en wetterkanon it publyk fuort fan it gerjochtsgebou op it Saailân.

Fedde Schurer.
Mr. S.R.Wolthers hie yn syn rjochtseal op It Hearrenfean in fertochte, dy’t Frysk prate de gek oanstutsen en hy hie ek inkelde Frysk pratende molktapers út Aldeboarn ûnfatsoenlik behannele om’t hja op har bussen”molke” en “sûpe” stean hiene en net “melk” en “karnemelk”. Dat koe gjin kant út fansels! Schurer ferglike him mei de lieder fan de rôversbinde Swarte Heap, dy’t yn it begjin fan de sechtjinde iuw Fryslân teistere hie. Mei tank sij KNEPPELFREED kaam it ta in bettere rjochtsposysje fan de Fryske taal. Yn 1951 wie troch de Steaten it Desintalisaasjerapport oannommen. Dêr stiene winsken oangeande ûnderwiis en kultuer yn en yn 1955 (Wet Cals) waarden twatalige skoallen tastien en fan 1956 ôf mei der yn de rjochtseal Frysk brûkt wurde.