Fyftich bern genietsje fan Tomke yn bibleteek Gordyk

juni 4, 2014 in nieuws door Redactie

Riemkje Pitstra spilet de clown yn de Tomke-foarstelling De Hutselfrutsel. (c) Marije Geertsma

Riemkje Pitstra spilet de clown yn de Tomke-foarstelling De Hutselfrutsel. (c) Marije Geertsma

De Gordyk | In lystse fyftich pjutten genoaten fan ‘e moarn, woansdei 4 juny, fan de fyftichste Tomke-foarstelling De Hutselfrutsel. Yn de bibleteek op ‘e Gordyk spile Tomke-skriuwster Riemkje Pitstra tegearre mei Jetske Miedema dizze foarstelling yn it ramt fan de Frykse Foarlêswike.

In Hutselfrutsel, wat is dat eins? Dat waard al rap dúdlik makke. Frouwtje Knipknap (Jetske Miedema), in poppenmakster, is drok dwaande mei it meitsjen fan in pears plúzich ding. Se hat fan Kornelia heard dat Tomke graach in hutselfrutsel ha wol op syn jierdei en dy is sy no oan it meitsjen. Dan folgje frjemde dingen: de poppemakster giet op paad om har kado nei Tomke te bringen. “Altyd efter dyn noas oanrinne en altyd efter it jern oanrinne”, bin de instruksjes fan Kornelia.

De poppemakster falt ûnderweis yn sliep yn it park. Dêr rint ek in clown (Riemkje Pitstra). De bern genietsje as de clown in grap úthellet mei de poppenmakster. Mar wat se net yn ‘e rekken ha, is dat de twa by fersin fan tas mei kadootsje ruilje. Se fiele it al oankommen: de poppemakster komt by Tomke mei it ferkearde kado en Tomke is yn triennen.

Lokkigernôch komt alles ta eintsjebeslút noch wer goed en wurdt der in feestje mei musyk holden. De pjutten meie meidûnsje en ta ferrassing komt der ek noch in grutte Tomke meidwaan. “Jim mei aanst allegearre mei de grutte Tomke op de foto”, belooft Tytsje de Vries fan de bibleteek. “En as jim nei hûs gean, krije jim allegearre in Tomke-boekje mei en noch wat oare leuke dingen.”

De bern mochten nei de foarstelling mei grutte Tomke op de foto. (c) Marije Geertsma

De bern mochten nei de foarstelling mei grutte Tomke op de foto. (c) Marije Geertsma

De Hutselfrutsel is de twadde Tomke-foarstelling dy’t opfierd wurdt troch Jetske Miedema en Riemkje Pitstra. Foarich jier spilen de twa de foarstelling Help…in oaljefant. Nei alle gedachten komt der folgjend jier in tredde foarstelling: “De Afûk hat ús dêr foar frege”, leit Riemkje út. De foarstellingen binne betocht as ûnderdiel fan it projekt meartaligens. Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynfoarmearje oer it brûken fan taal yn ‘e omgong mei jonge bern.

De Tomke-ferhaaltsjes wurde skreaun troch Riemkje Pitstra en Auck Peanstra. Riemkje Pitstra en Jetske Miedema betochten dêrneist in ferhaal foar de foarstelling. De froulju spylje by pjutteboartersplakken en berneopfang en soms by de bern thús. “Dizze wike is it tige drok omt de foarstelling faak brûkt wurdt ynstee fan foarlêzen yn de Foarlêswike.”

De Fryske Foarlêswike wurdt fan ’t jier foar de 18e kear organisearre. “Ik hoopje dat jim noch lang Tomke yn jim hert slute”, winsket Annet van der Meulen fan de Afûk (Algemiene Fryske Underrjochtskommisje) de spylsters dizze moarn ta. En omdat it de fyftichste foarstelling is, krije de spylsters in foech bosk blommen.