Ut de âlde tiid: Hotze de Roos
april 27, 2016 in nieuws door Redactie
Door Anne Veenstra
Mei rêde stappen komt it 100 jierrich bestean fan de fuotbalferiening “v.v.Gorredijk” tichteby. De klup waard op 23 augustus 1920 oprjochte troch in fiiftal entûsjaste jonge keardels. Der hawwe in hiele protte minsken aktyf en passyf genoaten fan de aktiviteiten fan dy Gordykster feriening. Ien fan harren wie Hotze de Roos.
Hotze de Roos is as soan fan in oannimmer yn Langsweagen berne op 24 novimber 1909. Ek hy wie in leafhawwer fan it eale fuotbalspul en hat jierren lid west fan “v.v.Gorredijk”. Nei de legere skoalle en de ambachtsskoalle waard Hotze timmerman. Doe’t er yn de krisisjierren wurkleas waard naam er yn 1932 diel oan in wurkgelegenheidsprojekt by de bou fan de earste folkshegeskoalle yn Nederlân, ‘t Allardseach yn Bakkefean.
Hy begûn ek te skriuwen en yn ferskate kranten ferskynden koarte ferhalen fan him. Hy hat yn “De Woudklank” ek ris op treflike wize it stik “Voetbal” skreaun. Hy einige dat stik mei “En lezer, als dan Uw plaatselijke club kampioen is geworden, doet ook U dat, hetzij dan onbewust, meer genoegen, dan ge zoo oppervlakkig zoudt willen doen schijnen. En trouwens, hoe zoudt ge ook anders kunnen? Het voetbal is immers onze populairste sport? Idioot zegt ge? Welnu, hoogstaande lezer, ’t is waar, wij allen zijn idioote blij met Gorredijk’s kampioenschap. Excelsior, Gorredijk.”
Hotze de Roos is lykwols nei syn fuotbalkarriêre by “v.v.Gorredijk” en syn ferhaleskriuwerij foar “De Woudklank” folle ferneamder wurden as skriuwer fan de 58 berneboeken oer de smidssoantsjes Sietse en Hielke Klinkhamer mei harren “KAMELEON”.
De Roos is ferstoarn op 15 oktober 1991 yn syn doetiidsk wenplak Krommenie en syn urn en stânbyld binne te finen yn “Kameleondorp “, Terherne.