Tsjoelebartsje: de bewenners

april 20, 2014 in historie, nieuws door Redactie

It earste hûs op De Tsjoele. It hat earst as adres Kortezwaag 76b hân, dêrnei Nieuweweg 79 en sûnt 1964 De Tsjoele 1.

It earste hûs op De Tsjoele. It hat earst as adres Kortezwaag 76b hân, dêrnei Nieuweweg 79 en sûnt 1964 De Tsjoele 1.

Door Ieke de Vries

Tsjoelebartsje wie in buertsje wêrta in 1964 trettjin húshâldings hearden.
Op 31 jannewaris 1964 kaam de gemeente mei in list mei nije húsnûmering, om’t de Gordyk en Koartsweagen doe ien waarden, under de namme: Gorredijk-Kortezwaag. De Tsjoele waard de namme fan de wei dy’t rûn fanôf de Nijewei oant de grins mei de gemeente It Hearrenfean, rjochting Jobbegea Tredde Slûs.

De bewenners yn 1964:

Nr. 1. Timmerman Johannes Roelinga mei frou en jongste dochter Ieke. Soan Rink en dochter Joukje wienen doe al troud. Roelinga hie it hûs sels bout en betruts it omtrint ein tritiger jierren.
Nr. 2. De famylje Koelma. Willem Koelma wie boer en hij en syn frou Annigje hienen fiif jonges tusken de tsien en tweintich jier, doe’t se yn 1950 noch in famke krigen. Yn 1964 wienen beiden al ferstoarn en hie soan Klaas de buorkerij oernaam.
Nr. 3. De boerderij wêr’t no camping De Turfhoeke is. Der wenne boer Ieme Rinsma mei frou en fjouwer dochters. Sij binne der nei de oarloch kommen. Derfoar wenne der in Schotanus. De pleats is trije kear ôfbaarnd: yn 1827, 1835 en yn 1903.
Nr. 4. Ek oan de feart, mar dan de oare kant út. Der rûn in paad hinne en fierder koene je net. Hjir wenne frou Fimke Duursma-de Jong mei twa dochters en ien soan. Har man wurke bij Philips en wie it jier derfoar op in middei hommels ferstoarn, noch mar 39 jier âld. De famylje Duursma wie der ein fyftiger jierren kaam te wenjen en hie de hinnehâlderij oernaam fan Jan van der Schaaf.
Nr. 5. Ek oan dat paad lâns de feart wenne Jeep Jonker mei syn frou Zus de Vos en twa soannen. Hij betsjinne de brêge en de slûs.
Nr. 6. Bij de brêge wenne boer Durk Brouwer mei frou en bern. Sij kamen fan Nijhoarne en binne der letter ek wer nei werom gien. Foarhinne wenne der de famylje Wierda. Jan Wierda wie boer en molkboer. Hij kaam de Tsjoele del mei de molkkarre. De froulju kamen mei in pantsje nei de karre en krigen dan in mingel of healmingel molke of sûpenbrij yn it pantsje getten. Wierda en de frou hienen in soan yn Kanada wenjen, wêr’t se sa no en dan in healjier hinne gienen. Hij socht der dan wurk om sa de weromreis betelje te kinnen.
Nr. 7. Oege de Jong. Hij wie widner en wenne der mei syn dochter Maaike. Foarhinne wenne der de famylje Sietse Oosterhof. Doe’t harren dochter troude kaam dy mei har man yn in wenwein efter hús te wenjen.
Nr. 8. Famylje Sietse Dijkstra.
Nr. 9. Houke Bijlsma mei syn frou Aaltsje. Hja hienen twa bern. Derfoar wenne der in frou Klijnstra.
Nr. 10. Uulke en Libe van der Bij. Dat wienen broer en suster. Beiden ha nea troud west.
Nr. 11. Popke de Haan en syn frou Lies. Hja hienen ien dochter, dy’t doe al lang troud wie. Lies har mem (kin ek Popke syn mem west ha) wenne op nr. 12. Âlde IJskje waard se neamd. Yn 1964 wenne Catrinus Post der mei syn frou en bern.
Nr. 13. Yn it leste hûs yn de gemeente Opsterlân, flak foar de Popmawyk, wenne Roel Jonker. Hij hie nei syn skieding in húshâldster yn hûs mei in soan. Dy jonge, Jappie Greijdanus, hie in motor en hat der in ûngelok mei holden wêrby’t hij om it libben kaam is.

Foarby de brêge rjochting Jobbegea stienen allinne oan de eastkant huzen. Nei de Popmawyk stienen de huzen oan de eastkant yn Jobbegea en oan de oare kant de wei yn Lippenhuzen.

Tsjinoer nr. 11 wie in reed it lân yn nei de Krusen. Der oan de Krusfeart ha ek huzen stien.
De leste derfan oerbleaune wie bewenne troch Frans en Griet Hoekstra-v.d.Bij. Mar sij hearden einliks net bij de buert.

De nûmering is no noch krekt lyk as yn 1964, mar der binne hjir en der in pear huzen bij kaam, dy ha in letter as tafoeging krigen.