Tryater spilet Thúsfront op ‘e Gordyk

maart 3, 2015 in nieuws door Redactie

Tryater Thusfront Tryntsje Nauta crop skouboargenDe Gordyk | Tryater spilet op freed 6 maart de foarstelling Thúsfront yn ‘e Skâns op ‘e Gordyk. It stik is skreaun troch Romke Toering. Toering hat de lêste jierren in soad gesprekken hân mei âlders fan jonges dy’t útsjoerd wurde nei oarlochsgebieten. It stik giet oer it loslitten fan de bern.

Toering hat fan de ynterviews trije ferhaalinen gearstald. Trije jongens nimme ôfskied fan harren thús, de âlden swaaie de jonge beropsmilitairen út… Sa’n momint hat ynfloed op de ferhâlding tusken âlden en bern. As in bern bygelyks kiest foar in baan yn it bûtenlân, is dy feroaring en dêrmei ek de ynfloed op it gesin, grut, mar as in bern kiest foar in militêr bestean, hat dat noch folle mear ympakt. En as it dan ek noch útstjoerd wurdt nei in oarlochsgebiet dan stiet it gesin op ‘e kop. Yn folle rapper tempo as gewoanwei moatte se it loslitte. En altyd spilet dy sintrale fraach: wêr is it goed foar en is it de muoite wurdich?

Thúsfront is in stik oer it loslitten fan bern. Heit en mem steane sintraal. Wat bart der mei har as in bern kiest foar in militêre karriêre en as soldaat yn in oarlochssituaasje telâne komt? Hoe giet de famylje om mei al dy ûngerêstens en ûnwissens, mar ek bewûndering en grutskens? As de jonges wer thúskomme docht bliken dat se te gau fan in bern in folwoeksene wurden binne. De jonges binne mannen wurden. It bern mei dan wer thús wêze, as heit en mem bist it kwyt. De ynfloed en it effekt fan dy kar op it libben, tinken, dwaan en litten fan heiten en memmen, dêr giet Thúsfront oer.

De foarstelling Thúsfront begjint om 20:30 oeure. Kaarten fia www.skans.nl, oan de kassa fan de Skâns of fia 0513-468600.