Tomke-voorstelling ‘Lekker ite’ in bibliotheek Gorredijk

mei 22, 2015 in nieuws door Redactie

tomke lekker iteGorredijk | De Tomke-foarstelling ‘Lekker ite’ wurdt op woansdei 27 maaie om 10:00 oere spile de bibloteek fan Gordyk. De foarstelling mei Tomke yn de haadrol, foar pjutten, wurdt spile troch de skriuwster fan Tomke ferhaaltsjes Riemkje Pitstra en Jetske Miedema. Nei ôfrin fan de foarstelling kinne de bern mei grutte Tomke op de foto. Yntree foar dizze moarn is €1,50 foar de pjutten.

De foarstelling wurdt spile in wike foar de Fryske Foarlêswike. It doel fan dizze wike is foar te lêzen oan Pjutten (2-4 jier) yn Fryslân om sa it aktyf brûken fan de Fryske taal te befoarderjen en it lêzen en foarlêzen yn de Fryske taal te stimulearjen. Yn dizze wike binne de bekende Tomke boekjes ek wer te ferkrijen yn de bibleteek.

Oanmelde foar dizze moarn kin per mail t.devries@bzof.nl, yn de bibleteek of per tillefoan 0513-461548