Tsjoelebartsje: de bewenners

Door Ieke de Vries Tsjoelebartsje wie in buertsje wêrta in 1964 trettjin húshâldings hearden. Op 31 jannewaris 1964 kaam de gemeente mei in list mei nije húsnûmering, om’t de Gordyk en Koartsweagen doe ien waarden, under de namme: Gorredijk-Kortezwaag. De Tsjoele waard de namme fan de wei dy’t rûn fanôf de Nijewei oant de grins mei de gemeente It Hearrenfean, rjochting Jobbegea Tredde Slûs. De bewenners yn 1964: Nr. 1. Timmerman Johannes Roelinga mei frou en jongste dochter Ieke. Soan Rink en dochter Joukje wienen doe al troud. Roelinga hie it hûs sels bout en betruts it omtrint ein tritiger
lees verder