dierenarts-adv-compleet

Tsjoelebartsje: de bewenners

Door Ieke de Vries Tsjoelebartsje wie in buertsje wêrta in 1964 trettjin húshâldings hearden. Op 31 jannewaris 1964 kaam de gemeente mei in list mei nije húsnûmering, om’t de Gordyk en Koartsweagen doe ien waarden, under de namme: Gorredijk-Kortezwaag. De Tsjoele waard de namme fan de wei dy’t rûn fanôf de Nijewei oant de grins mei de gemeente It Hearrenfean, rjochting Jobbegea Tredde Slûs. De bewenners yn 1964: Nr. 1. Timmerman Johannes Roelinga mei frou en jongste dochter Ieke. Soan Rink en dochter Joukje wienen doe al troud. Roelinga hie it hûs sels bout en betruts it omtrint ein tritiger
lees verder

Tsjoelebartsje yn Koartsweagen mids tweintichste ieu

Door Ieke de Vries-Roelinga Lit my dizze rubryk begjinne mei myn persoanlike oantinkens út it midden fan de foarige ieu. Ik bin berne yn Koartsweagen, in boeredoarp, dat al neamd waard yn de 12e ieu as Urasuagh, letter ek as Corteswaegh. Ura betsjut koart, suagh is gerslân. It doarp is ferdwûn, al hiel opgien yn De Gordyk. Ea ha’k der ris in pear dichtrigels oer makke: “Myn berteplak Koartsweagen bestiet net mear / It is opslokt troch De Gordyk / Dat docht my wol ris sear / En makket my wat mankelyk.” Want it is somstiden wol ris nuver om
lees verder