Tsjoelebartsje yn Koartsweagen mids tweintichste ieu

maart 2, 2014 in historie, nieuws door Redactie

Door Ieke de Vries-Roelinga

Lit my dizze rubryk begjinne mei myn persoanlike oantinkens út it midden fan de foarige ieu.

Ik bin berne yn Koartsweagen, in boeredoarp, dat al neamd waard yn de 12e ieu as Urasuagh, letter ek as Corteswaegh. Ura betsjut koart, suagh is gerslân. It doarp is ferdwûn, al hiel opgien yn De Gordyk. Ea ha’k der ris in pear dichtrigels oer makke: “Myn berteplak Koartsweagen bestiet net mear / It is opslokt troch De Gordyk / Dat docht my wol ris sear / En makket my wat mankelyk.” Want it is somstiden wol ris nuver om op de fraach “wer komst do wei?“ te anderjen dat je út in doarp komme dat net mear bestiet.

De Gordyk ûntstie yn de 17e ieu op grûngebiet fan Koartsweagen, op it plak fan de Haadbrêge, wêr’t Terwispel, Koartsweagen en Lippenhuzen byinoar kamen. Nei it trochgraven fan de Hegedyk ûntstie bebouwing lâns de Hegedyk en de feart, mar in doarp wie it doe noch net, want it waard de earste desennia noch neamt as “úthoeke fan Koartsweagen”.

De Gordyk ûntwikkele him as in handelsplak, Koartsweagen bleau it boeredoarp, en stadichoan fergroeiden de plakken mei inoar. Der waard wol ris sprutsen oer twillingdoarp.
Begjin sechtiger jierren fan de foarige ieu waarden de beide plakken gearfoege en waard de namme offisjeel Gorredijk-Kortezwaag en om’t wy tsjin Jobbegea oanwennen hienen we yn ús adres ek noch “post Jubbega”. As dat der net op stie kaam de post in dei letter. Mar op 1 oktober 1968 waard it “Gorredijk” en bestie it doarp Koartsweagen net mear. De namme waard letter jûn oan de sporthal.

Wy wennen krapoan tsjin de grins mei de gemeente Hearrenfean. Op de hoeke fan de Nieuweweg en De Singel. De Singel waard froeger earst ek noch wol de Nije Singel neamd, om’t in eintsje fierder de Âlde Singel lei. Sa’n hûndert meter fan ús ôf hienen we Tsjoelebartsje. Dat wie yn it earst in barte oer it wetter De Tsjoele. Yn 1930 kaam de ferbining tusken de Opsterlânske en de Skoaterlânske Kompanjonsfeart ree en waard hjir in slûs boud, om’t hichteferskil tusken de beide fearten krapoan in meter wie. En op it plak fan de barte kaam in brêge, mar de namme Tsjoelebartsje is yn de folksmûle altyd bestean bleaun foar de buert bij de brêge.

Wij hienen foar hús op de krusing in trijehoekje, begroeid mei gers en in sânbult. Dy wie foar as it winters glêd wie. Dan kaam de gemeente en twa man skepten san op de wein út de bulte, en struiden dit, steande op de wein, mei in skeppe oer de dyk.
It trijehoekje waard ek wol brûkt troch wenweinfolk. Sa no en dan stie der sa’n wein, meast lutsen troch in kêde, dy’t sa lang yn it lân fan in boer stean mocht. Ek bij de brêge stie sa no en dan sa’n wein. Der siet in grut laad ûnder en deryn sliepten de bern. Nei omtrint 1953 ha we se net wer sjoen.

Der stie ek in hânwizer njonken de sânbult. Kortezwaag 1,5 km; Gorredijk 2,5 km. Richting de Singel stie: Jubbega Derde Sluis 3,3 km en de oare kan út stie mien ik Jubbega-Schurega en Oudehorne. We hienen foar de oarloch al elektrysk, mar wetterlieding krigen we pas yn 1956. Gas hienen we ek net, itensiede dienen we op in petroaljestel en op in gasstel mei gasflessen, dy’t we bij de CAF yn Jobbegea hellen. Sa’n gasflesse wie faak leech as ús mem begjinne soe mei it iten. We hienen gjin auto, dus gie ik mei de lege flesse efterop de fyts om in nije te heljen.
De Nijewei wie asfaltearre en derom koe ik der moai topje. De Singel wie in klinkertdyk, der woe dat net op. Der wie doe noch net folle ferkear, dus as der al ris in auto lâns moast koe ik maklik even oan de kant. De Nijewei wie oan beide kanten begroeid mei dikke ikebeammen. Op den djoer kamen de woartels nei boppen en wrotten it asfalt omheech. Der bin ik noch ris mei de traper fan de fyts tsjin oan kaam en ha doe in rare smak makke. Oant no ta tink ik der noch altyd om as ik lâns dikke beammen fyts.

Op simmerske sneintejûnen makke ik mei heit en mem gau ris in kuierke lâns de feart. Troch it lân wie in paad, dat útkaam bij it draaike oer de Dwersfeart, wêrnei’t wij bij it hûs fan Jitze Staphorsius de kabouter yn de tún bewûnderen en lâns de Nijewei wer op hûs oan gienen.

Winterdeis reedriden we op de Ljomme Joukeswyk neist ús hûs of op de Klaas Sipkeswyk tsjinoer ús hûs. En uteraard ek op de iisbaan “Hâld Moed”.

De beammen binne roaid, it trijehoekje mei de sânbult is der al lang net mear. It part fan de Singel yn de gemeente Opsterlân hat de namme De Tsjoele krigen.

Âld Koartsweachster Anne Veenstra hat syn oantinkens oan Koartsweagen ek op papier setten. Der is in aardich boekje fan makke dat yn it HIP (Histoarysk Ynformaasjepunt) yn de biblioteek te finen is.