Iepening nije doarpssintrum De Skâns yn 1961

maart 20, 2014 in historie door Redactie

Door Ieke de Vries
It wie in grut barren op De Gordyk, de iepening fan it nije doarpssintrum op tongersdei 16 maart 1961. Nimmen minder as Hare Eksellinsje Dr. M.A.M.Klompé, minister fan maatskiplik wurk, kaam nei De Gordyk om de iepening te ferrjochtsjen. Troch it weilûken fan de Fryske flagge ûntbleate hja de namme “De Skâns”. In namme dy’t referearret oan it froegere ferdigeningswurk út 1673. Symboalysk kin it nije doarpssintrum sjoen wurde as in bolwurk foar it behâld fan it kulturele libben yn it doarp.

Útsein de minister wienen der bij dizze iepening noch tal fan oare promininten oanwêzich, ûnder oaren kommissaris fan de Keninginne mr. H.P.Linthorst Homan, deputearre J.Brouwer, Opsterlâns boargemaster W.Harmsma en syn frou en de hiele gemeenterie.

Dit moaie nije doarpssintrum, wat wie men der bliid mei. De befolking fan de Gordyk en Koartsweagen bea – royaal foar dy tiid – in bedrach fan rom 5700 gûne oan.

Minister Klompé hold in lange tapraak, wêryn ‘t hja wiidweidich omtinken joech oan de betsjutting fan it maatskiplik opbouwurk, wêrfan hja it nije doarpssintrum in treffend foarbyld neamde. Sij seach it “als een symbool van de bevolking om samen iets te doen. (..) Ten aanzien van dit gebouw kan ik u wel zeggen, dat ik er van overtuigd ben, dat dit gesteund wordt door alle groeperingen in Gorredijk en door groepen uit de streek waarvoor deze plaats een functie heeft.”
Se gie yn op de swierrichheden foarôf foar realisearring fan it projekt, foaral op finansjeel gebied, alle gesprekken dy’t fierd waarden mei alderhande ynstânsjes. It toande neffens har oan dat de oprjochters “tegen elke moeilijkheid waren opgewassen en in staat waren een levensvatbaar huis voor alle verenigingen in het leven te roepen. Ik ben er van overtuigd dat u er in zult slagen dit gebouw op juiste wijze te beheren en te exploiteren. Al het werk dat u heeft verzet en nog zult verzetten is een stukje maatschappelijke opbouw van uw samenleving.”

Der wie yndied in protte wurk ferset, en dêrby hie it stichtingsbestjoer bij de ynrjochting fan it gebou ek sels de hannen út de mouwen stutsen. Alle 130 stuollen op it balkon waarden troch harren op frije saterdeitemiddeis oan elkoar skroefd. Pleatselike bedriuwen leveren in flinke bijdrage foar oanklaaiïng en ynrjochting en learlingen fan de ambachtskoalle makken fan buizen in dekorative fersiering dy’t boppe de haadyngong kaam. Nijsgjirrich detail wie it toaniel, dat sa ynrjochte wie dat learlingen fan de ULO dêrop gymnastyklessen krije koenen.

Loovjende wurden wienen der ek fan de kommissaris fan de Keninginne Linthorst Homan: “Het nieuwe gebouw zal zeker bijdragen aan de ontwikkeling van de bevolking uit Gorredijk” en boargemaster Harmsma spruts oer de swierrichheden nei de oanrin fan it projekt. Mar, sa sei hij: “De Gorredijksters, voortgekomen uit een hardwerkende, arme veenbevolking, hebben doorgezet. Laten we ook nu die mentaliteit tonen!”
Fierders krigen noch in grut tal sprekkers, dy’t op ien of oare wize in funksje yn it doarpslibben fertsjintwurdigen, it wurd.

De minister gie nei Den Haach werom mei in broedsje. Fjouwer ljipaaien yn in koarke, dy’t se as tank oanbean krige fan foarsitter W.Brons fan it Stichtingsbestjoer. Eat wat se wol wurdearje koe.

Jûns waard der yn it nije gebou feest fierd mei toaniel, muzyk, sang, foardrachten en gymnastyk, ûnder it motto: “Elk krijt in kâns yn De Skâns”.

De bou fan it doarpssintrum waard útfierd troch oannimmer Gebr.v.d.Velde fan De Gordyk. Ek de stoffering en flierbedekking, it skilderwurk, wetter, sanitêr en elektrysk waarden útbestege oan pleatselike ûndernimmers.