Ienfâld en Freonskip spilet klucht yn it sikehûs

februari 18, 2015 in nieuws door Redactie

ienfaldDe Gordyk | Toanielferiening Ienfâld en Freonskip fan de Gordyk spylet op sneon 28 febrewaris de klucht ‘In Gekkehûs yn it Sikehûs’. De foarstelling wurdt holden yn De Skâns en begjint om 20:00 oere.

It stik spilet him ôf yn in keamer yn ‘t sikehûs, it is der in grutte gaos. Fanwege in ferbouwing wurdt seal 13 foar need yn gebrûk naam. In ferâldere hok wer ‘t gjin fasiliteiten binne. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt him siik, en suster Riny moat har sjen te rêden mei de wat froulik oandwaande broeder E.P. en de sullige, âlde en trage suster Bep. Út need freget se de beide skjinmakkers,Janny en Frank har te helpen as ferpleechsters.

Dan rint de seal fol mei pasjinten. Cohen krekt fan de OK is earst gjin drege pasjint. Kuperus dêrfoaroer in pasjint dy’t in bulte noaten op e sang hat en is faaks net de man wer ‘t er him foar útjout. Dhr. Visser is leaf, mar hy is sa doof as in kwartel. En dat is net altyd even maklik. Der komt noch bei dat se allegearre graach bei it rút lizze wolle en dat soarget foar in bulte opskuor. Gelokkich docht dokter Bouwer mei regelmaat in rûntsje oer seal 13.Mar oft de pasjinten der no sa folle better fan wurde….?

Kaarten kin besteld wurde fia 0516-462532 of 0513-464422.