Ut de âlde tiid: Jan Eisenga

april 27, 2016 in nieuws door Redactie

Door Anne Veenstra
Jan Eisenga 1Op ‘e Gordyk is in Jan Eisengastrjitte en der is ek in monumint foar him. Jan Eisenga (1908-1943) hat yn alle mooglike bestjoeren sitten en wie aktyf yn de radikale “Onafhankelijke Socialistische Partij”. It sosjalisme krige hy mei de brijleppel ynjûn. Syn heit , dy’t in timmermanssaak yn Koartsweagen hie, boude yn it begjin fan de tweintichste iuw tweintich goedkeape hûzen neist syn wurkpleats oan de Langewâl om de bewenners fan de spitketen in better ûnderdak te bieden. By dy hûzen kaam in fergaderlokaal, want folksopfieding stie heech yn it findel by de sosjalisten fan dy tiid.

Jan Eisenga2Yn 1928 waard Jan Eisenga ûnderwizer op ‘e Gordyk . Trije jier letter waard er lid fan de SDAP om him in jier letter oan te sluten by de folle radikaler OSP. En lykas by hast alle ferienings dêr’t hy lid fan waard wie er binnen de koartste kearen foarsitter. Op ien maaie gie by him de reade flagge yn top.

Doe’t yn 1929 troch de krisis ûntslaggen foelen yn it ûnderwiis, rekke hy, alhoewol’t er net as lêste beneamd wie, syn baan kwyt. Polityk aktivisme hie Eisenga de kop koste. Neidat hy trije jier as ynfaller wurke hie waard er yn 1937 wer oannaam op deselde skoalle op ‘e Gordyk.

Jan wie aktyf op in soad fronten. Hy skreau gedichten, ferhalen, ferskes, boekbesprekken en in ienakter, hy siet yn it haadbestjoer fan it Selskip foar Fryske Taal en Skritetkennisse en rjochte ôfdielingen fan dat selskip op yn Oerterp, De Sweach en De Gordyk.

Jan Eisenga3Op 3 maaie 1943 bruts der in staking út tsjin it beslút fan de Dútsers om alle Nederlânske soldaten fan foarhinne wer kriichsfinzen te meitsjen en nei Dútslân te stjoeren as arbeidskrêft.Boeren lieten de molke yn de sleat rinne, op ‘e Gordyk leine de arbeiders fan it kannefabryk it wurk del. Jan Eisenga frege de âlden om harren bern thús te hâlden fan skoalle. Jûns waard Eisenga fan ’t bêd lichte en oerbrocht nei it kannefabryk. Dêr waard er mei oare stakers ûnderfrege. De Dútsers dy’t him ferheard hiene, seine letter dat it in oprjochte keardel wie, mar dat er wol ferkeard west hie. Doe’t er de nachts oerbrocht waard nei Ljouwert, sei er ûnderweis tsjin ien fan de oaren: “Ik ha te folle sein, ik krij de kûgel”. Op 4maaie waard Eisenga ta de dea feroardiele. De oare deis, moarns om kertier foar alven, is er eksekutearre op in terrein by it Kealledykje yn Ljouwert. Syn stoflik omskot belâne yn in massagrêf by it Grinzer Glimmen en is nea weromfûn. Roel van der Heide hat in boek oer Eisenga skreaun: “Eenvrije geest tot zwijgen gebracht”.
Jan Eisenga4